Omrop TIP: Hop plukke yn Boalsert

Aart van der Linde snijt ien fan de ranken hop los © Omrop Fryslân - Aukje de Hoop
In bierbrouwer hat hop nedich want hop bringt de bittere smaak. Sa't Ester Osinga fan bierbrouwerij Us Heit seit: 'Hop is it piper en sâlt fan it bier." Nederlânske bierbrouwers helje har hop meastentiids út Dútslân. By Us Heit yn Boalsert fûnen se fjouwer jier lyn dat se ek wol sels hop tele koenen. "We hellen al ús yngrediïnten hjir út de omkriten, útsein de hop, dat woenen we oars ha."
Plukmasine
Hop groeit oan lange ranken en deromhinne kamen der 20 grutte peallen fan 6 meter heech foar de brouwerij te stean. Yn totaal sa'n 100 planten mei ferskillende soarten hop. Ofrûne wike wie de rispinge. Eigener Aart van der Linden snijt in rank los en triuwt dy troch de nije plukmasine. "In prototype, sels ûntwikkele tegearre mei in masinefabryk yn Boalsert". In enoarme ferbettering, want oare jierren barde it plukken hielendal mei de hân. De rispinge duorre dan wol trije wike. No is it yn in dikke wike klear.
Allinne froulike hopplanten bloeie en dat blomke fan de hop hjit in hopbel. Yn de midden fan de (ûnbefruchte) bel sit in giel stofke, lupuline. Dêr giet it de bierbrouwer om. Nei it plukken wurde de bellen drûge en opslein. De 100 planten leverje genôch op om in jier bier fan te brouwen.
Mear hjiroer sneintemoarn om 11.00 oere yn Buro de Vries.