Bisten deariden yn Fochtelerfean, autodyk wurdt oanpakt

Natuermonuminten wol dat de autodyk troch natuergebiet it Fochtelerfean oanpakt wurdt. Op de dyk, dy't in flugge mooglikheid biedt om binnentroch fan Fryslân nei Feanhuzen te kommen, wurdt geregeld fierstente hurd riden. Mei as gefolch dat in protte bisten deariden wurde.
Yn it natuergebiet komme inkelde tige bysûndere bisten foar en dy binne net berekkene op hurd ridend ferkear troch harren libbensgebiet. Natuermonuminten krige okkerdeis noch in filmke tastjoerd fan in jonge kraanfûgel dy't hast deariden waard.
Natuermonuminten hat no syn nocht. Sy wolle dat de dyk oanpakt wurdt.