Cambuur ferliest fan Fortuna Sittard mei 3-0

SC Cambuur hat freedtejûn de útwedstryd tsjin Fortuna Sittard mei 3-0 ferlern. De Ljouwerters krigen genôch kânsen, mar se koene it hieltyd net ôfmeitsje.
Al nei in kertier makke Kamen Hadzhiev de 1-0. Fan 20 meter ôf skeat er de bal achter doelman Nienhuis fan Cambuur. Fiif minuten foar de rêst makke Roald van Hout it twadde doelpunt foar Fortuna.
Ferdigener Gino Bosz makke syn debút foar Cambuur. Hy stie fan de earste minút ôf op it fjild. Yn de twadde helte kaam Danny Bakker op it fjild. It wie ek syn debút, mar hy koe it ferskil ek net meitsje.
Martijn Barto en Ricardo Kip wiene it tichtst by in goal, mar de keeper en de peal kearden de bal. Yn de blessueretiid makke Dries Saddiki foar Fortuna de 3-0. De Fortunasupporters stiene te springen op de banken.
Troch it ferlies stiet SC Cambuur no op it trettjinde plak yn de Jupiler League mei 8 punten.