COA wol mei petearen de rêst werombringe yn azc Burgum

Troch yn petear te gean mei de bewenners en saken dúdlik út te lizzen, besiket it COA de rêst werom te bringen by de asylsikers yn Burgum. Dy kamen freedtemoarn yn opstân nei't in Afgaanske man útsetten waard. De man foel dêrby fan de trep en rekke ferwûne.
De asylsikers giene nei it gemeentehûs en hawwe dêr mei de boargemaster praat. Yn it azc yn Burgum binne in soad spanningen, wit ek Jacqueline Engbers fan it COA, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers. Dêr wenje minsken dy't útprosedearre binne en werom moatte nei harren heitelân.
"Zo'n situatie brengt uiteraard spanningen met zich mee, dus daar zijn we zeker alert op. Omdat Burgum een gezinslocatie is, en hier dus kinderen zitten, hebben we al extra begeleiding. Verder proberen we telkens zo duidelijk mogelijk uit te leggen hoe de situatie is", seit Engbers.