Tom van Slooten wurdt direkteur fan Natuurmuseum Fryslân

16 sep 2016 - 10:22

Tom van Slooten wurdt mei yngong fan 1 jannewaris takom jier de direkteur fan it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Hy folget Gerk Koopmans op. Koopmans hat tsien jier direkteur west fan it Natuurmuseum en bliuwt noch twa jier projektlieder fan it museumûnderdiel Friesland onder Water. Dat wurdt fernijd.

De 52-jierrige Van Sloten hat romme ûnderfining yn de museumwrâld. Oant foar koart wie er wurksum as direkteur fan Historisch Goud. Dat is in erfguodynstelling dy't út twa musea bestiet en út in regionale argyftsjinst. Earder wurke Van Slooten by de provinsje Fryslân en it Ryksargyf Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)