Gjin foarrang asylsikers by tawizing wenten

AZC © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Gemeenten binne tenei net mear ferplichte om asylsikers mei in ferbliuwsfergunning foarrang te jaan as se in wenning hawwe moatte. In mearderheid fan de Twadde Keamer sil ynstimme mei it foarstel fan minister Stef Blok. De ferwachting is dat de Earste Keamer der ek mei ynstimme sil. Gemeenterieden meie dan tenei sels beslute oft se statushâlders wol of gjin foarrang jouwe. Der is dus gjin sprake mear fan twang.
Foarrang foar asylsikers mei in status is no noch ferplichte foar gemeenten dy't ek oare groepen foarrang jouwe, lykas senioaren.
De gemeenten bliuwe yn de nije wet wol ferplichte om asylsikers in wente te jaan. As se dêr in foarrangsregeling foar ynstelle wolle, meie se dat witte. Mar it is gjin ferplichting mear.