Seis nominaasjes foar Anton Wachterpriis

Utrikking Anton Wachterpriis 2014 yn 'e Grutte Tsjerke yn Harns © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Foar de Anton Wachterpriis 2016 binne seis boeken nominearre. Der wiene dit jier 83 ynstjoerings. Dêr hat de sjuery ûnder lieding fan Geart de Vries seis út helle.
De twajierlikse Anton Wachterpriis foar literêr proaza bestiet sûnt 1977. Hy is neamd nei in romanfiguer fan de Harnzer skriuwer Simon Vestdijk. De winner krijt in byldsje fan Anton Wachter en in jildbedrach. Eardere winners wiene ûnder oare Arnon Grunberg en Tessa de Loo. De útrikking is op sneon 12 novimber yn Harns.
De nominaasjes binne:
* Cinderella fan de Flaamske skriuwer Michael Bijnens;
* De hemel boven Parijs, Bregje Hofstede;
* Nu ik, Rutger Pontzen;
* Onheilig, Roos van Rijswijk;
* Muidhond, Inge Schilperoord;
* Het smelt, Lize Spit