Tristan Bangma út de skroeven mei rinkeljende medalje

As er de medalje hin en wer beweecht, dan komt der lûd út. "Het is heel mooi en vet dat dat er in zit", seit hurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek. Op de Paralympyske Spelen yn Rio wûn Tristan snein in gouden medalje op de baan.
Yn alle medaljes sitte stielen baltsjes. Per plak in oar oantal. Yn de brûnzen medalje sitte 16 baltsjes, yn de sulveren 20, en yn de gouden 28. Sa meitsje se allegearre in oar lûd. "Een soort gerinkel" seit Bangma oer it lûd dat syn gouden medalje makket.
Tefreden
Mei piloat Teun Mulder ried Bangma snein ien kilometer yn 59 sekonden en 822 tûzenste. Woansdei waarden se 16e yn de tiidrit op de dyk. "We konden geen rol van betekenis spelen, maar we zijn heel tevreden. Het gouden gevoel overheerst."
Oars traine
Bangma wie foar dy iene kilometer nei Rio gien. En dêr hat er ek syn training op ôfstimd. "Je traint er anders voor dan voor de weg. Explosief. Veel krachttraining." De kâns op goud wie yn it foar net grut. De Britten hawwe de ôfrûne fjouwer jier eins alles wûn.
"Dat wij ze hier nu verslaan is natuurlijk super. En dan ook nog in een tijd onder één minuut. Dat is op laagland nog nooit gelukt. Olympisch ook niet. We zijn echt de eerste fietsers die op zeeniveau onder de minuut hebben gefietst. Ongelooflijk dat dat ons lukt. En dan ook nog op het juiste moment. Alles moet kloppen op zo'n kilometer. En dat deed het bij ons. Dat is echt super."
Gjin medaljekânsen
Sneon giet Bangma mei piloat Mulder fan start op de weiwedstryd. Medaljekânsen binne der net, seit Bangma. Mar it wurdt in taktysk spul. En der binne mear Nederlânske dielnimmers. Mei medaljekânsen. "Misschien kunnen we voor hen noch wat betekenen. Dat weet ik niet. We moeten nog maar even om tafel."
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.