Plysje sjit man del by parkearplak op It Hearrenfean

15 sep 2016 - 15:52

De plysje hat op in parkearplak op de Van Kleffensleane yn it sintrum fan It Hearrenfean in man delsketten. De man bedrige in omstanner mei in mes, letter waarden ek plysjeminsken bedrige. Der is mei warskôgingsskotten besocht de man ta rede te bringen, dat slagge net. Nei in pear warskôgingsskotten waard de man yn 'e skonk sketten.

De man is bûten libbensgefaar. Hy wurdt op it stuit medysk behannele. De plysje docht ûndersyk nei de saak en sil mei de fertochte yn petear. De omjouwing fan de Van Kleffensleane is ôfset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)