Brûnzen medalje foar Rixt van der Horst by dressuerproef

15 sep 2016 - 16:31

Amazône Rixt van der Horst fan Grou hat tongersdei by de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro in brûnzen medalje wûn op de yndividuele dressuerproef. Se behelle in skoare fan 70.743 prosint op har oefening. Lângenoate Demi Vermeulen behelle in twadde plak yn de proef, goed foar in sulveren medalje.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)