Programma Kulturele Haadstêd komt net earder as septimber

It definitive programma fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 wurdt net earder as septimber 2017 fêststeld en bekend makke. Neffens artistyk lieder Lieven Bertels stiet dan pas hielendal fêst, hokker foarstellings der komme en op hokker datum. Dan giet ek de kaartferkeap pas los. Dat is noch rom op tiid, want de belangstelling fan toeristen út binnen- en bûtenlân foar Kulturele Haadstêd 2018 komt dan op gong, sa is de ferwachting.
As jo te betiid begjinne, sakket de oandacht fuort, tinkt Bertels. Hy ferwachtet dat Ljouwert yn it feestjier fjouwer miljoen kear oandien wurde sil troch besikers út Fryslân en de rest fan Europa. Hy basearret him dêrby op ûnderfinings út it ferline fan oare Europeeske kulturele haadstêden.
Kening op iepeningsfoarstelling
De datum fan de iepening is ek bekend makke, dat wurdt it wykein fan 26 jannewaris 2018. Dêrfoar is ek de kening útnûge, en Bertels kin fertelle dat it feest 'mei potlead op de kalinder fan it keninklik hûs set is'. Mar dat is pas definityf as de Ryksfoarljochtingstsjinst dat bekend makket. Regisseur Ira Judkovskaja fan Tryater makket de foarstelling. De iepening fan de oare Kulturele Haadstêd yn Europa, Valletta yn Malta, is in wike earder.
Mienskipsprojekten wolkom
Njonken de goed fjirtich grutte projekten foar LWD2018 is der ek romte foar Mienskipsprojekten. Yntusken binne dêr al hast tûzen projekten foar yntsjinne. De bêste ideeën meitsje kâns op in bydrage út it Mienskipsfûns, in bedrach fan 2018 euro. Der is noch hieltyd ferlet fan goeie ideeën, seit Lieven Bertels. Frijwilligers dy't har oanmelde om mei te helpen by LWD2018 binne fan herte wolkom. De kampanje om frijwilligers te werven is tongersdei fan start gien.