Friezen yn de WW: fan mear nei minder

15 sep 2016 - 14:22

Al in healjier lang giet it tal WW-útkearings nei ûnderen. Moai nijs fansels. Mar noch hieltyd sitte hast 18.000 Friezen sûnder wurk. En in jier ferlyn hiene mear minsken in útkearing as no. Hoe sit dat eins?

Dêrfoar moatte we foaral sjen nei desimber 2015. Doe naam it tal minsken dat yn de WW kaam eksplosyf ta. Ien fan de redenen dêrfoar wie in grut tal falliseminten. Tink oan ketens lykas V&D, Macintosh (memmebedriuw fan ûnder oare Scapino, Invito en Manfield) en de DA Groep.

Nije wet

Mar de grutste taname, yn desimber 2015, kaam troch de nije Wet Werk en Zekerheid. Dy taname - fan 14 persint - hie te krijen mei de nije wet dy't yn july 2015 yngien is. Dêrtroch hienen minsken op papier langer in útkearing, wylst se yn 'e praktyk alwer oan it wurk wienen.

Gelokkich giet it tal minsken yn de WW it lêste healjier stadich wer omleech. Dat hat fansels alles te krijen mei de ekonomy dy't wer oanlûkt. Der binne wer mear fakatueres. Neist it feit dat mear minsken wer in baan fine, meldt útkearingsynstânsje UWV ek dat minder minsken harren baan ferlieze.

Trefwurden: 
wurkleazen WW-útkearing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)