Boeren meitsje kwalik gebrûk fan mûzeskeafûns

Fan de tsien miljoen euro dy't de provinsje Fryslân ferline jier beskikber steld hat foar boeren mei mûzeskea, is kwalik gebrûk makke. Der binne 21 lienings oanfrege en 17 dêrfan binne takend. Mei elkoar giet it om in bedrach fan goed 670.000 euro. Der is dus goed 9 miljoen euro lizzen bleaun.
De boeren dy't in liening krigen ha, hawwe gemiddeld hast 40.000 euro krigen. It heechst liende bedrach is hast 61.000 euro. Der is noch ien oanfraach yn behanneling, foar goed 33.000 euro.
Om foar in liening yn oanmerking te kommen, moasten de boeren bewize kinne dat se foar op syn minst 31.000 euro skea hiene troch de mûzen. De trije wegere oanfragen sieten ûnder dat bedrach.
Tonnen skea
Ekologysk ûndersyksburo Altenburg & Wymenga presintearre begjin dit jier in grut ûndersyk nei de skea troch mûzen op it boerelân. Ien fan de útkomsten wie dat mûzen yn 2014 en 2015 foar likernôch 73 miljoen euro oan skea feroarsake hienen oan boerelân yn Fryslân. Njoggenhûndert boeren binne doetiids troffen, by guon boeren rûn de skea op oant in ton. 26.000 bunder lân yn Fryslân hat dêrtroch flinke oant swiere skea oprûn.
De kâns is dêrneist grut dat ek yn de takomst in mûzepleach plakfine sil. It lânskip sa's dat hjir yn Fryslân bestiet, is dêr geskikt foar.