"Brûk leechsteande gebouwen foar statushâlders"

Der moat better sjoen wurde nei leechsteande gebouwen yn de gemeente De Fryske Marren, sadat statushâlders dêr mooglik yn wenje kinne. Dat fine VVD en FNP yn dy gemeente. Woansdei waard der yn in kommisjegearkomste praat oer hoe't de gemeente it ûnderbringen fan statushâlders, flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning, dwaan moat. Der kaam in soad folk op ôf, guon minsken moasten de gearkomste folgje op telefyzjes bûten de riedseal.
Aldehaske
Ien fan de leechsteande gebouwen yn de gemeente is it skoalgebou yn Aldehaske. Neffens ynwenners fan dat doarp is dat in goed plak om statushâlders ûnder te bringen. Ek ynwenners fan Sint-Jânsgea kamen mei in alternative lokaasje. Datsoarte inisjativen sjogge ek VVD en FNP wol sitten. Se wolle de ynwenners fan de doarpen sa mear temjitte komme.
Wethâlder Durk Durksz seit dat it kolleezje de alternativen dy't de doarpen oandrage, meinimme sille yn harren beslút. Net elts gebou is geskikt, mei ek troch de hege kosten dy't dêroan fêst sitte.
Plan kolleezje
Op 28 septimber nimt de gemeenteried in beslút oer it plan fan it kolleezje. Dy wol yn ferskate doarpen tydlike wenningen bouwe. It maksimale tal wenten op ien plak is tolve. Foar de tydlike wenromte hat it kolleezje lokaasjes yn Ychten, De Jouwer, Langwar, De Lemmer, Aldehaske, Skarsterbrêge, Sint-Nyk en Sint-Jânsgea op it each.