Kliïntûndersteuners yn Opsterlân is in primeur

14 sep 2016 - 20:28

In primeur foar de gemeente Opsterlân. It is de earste gemeente dy't mei frijwillige kliïntûndersteuners wurket. De kliïntûndersteuners binne der om minsken te helpen by bygelyks de oanfraach fan in skootmobyl. Ek kinne se oanslute by bygelyks 'keukentafelgesprekken'. Yn Opsterlân hawwe woansdei seis kliïntûndersteuners in sertifikaat krigen. Se hawwe in oplieding folge by Zorgbelang Friesland en sille oan de slach as in ûnôfhinklike partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)