Boarkumer Stiennen moatte beskerme wurde

It Wereld Natuurfonds, stichting de Noordzee en dûkers fan stichting Duik de Noordzee Schoon sammelje op dit stuit bewiis om oan te toanen dat in gebiet boppe Skiermûntseach beskerming fertsjinnet.
It giet dan om de Boarkumer Stiennen (Borkumse Stenen). Dêr lizze ek in soad stiennen. Dêrtroch wurdt der minder fiske en is der eins in soarte fan rif ûntstien mei in grut ferskaat oan ûnderwetterlibben. Dûkers mei in soad ûnderfining op de Noardsee neame it ien fan de moaiste plakken yn dizze see.
It Wereld Natuur Fonds sjocht wol mooglikheden foar in foarm fan ekotoerisme foar dûkers. It Dútske part is al beskerme. De trije organisaasjes dy't no mei in dûkekspedysje dwaande binne, fine dat it Nederlânske part dy beskerming ek fertsjinnet.