Tytsjerksteradiel keapet Glinstra State Burgum

Glinstra State yn 1954 © bergum.weebly.com
It monumintale Glinstra State yn Burgum wurdt kocht troch de gemeente Tytsjerksteradiel. It gebou is no noch fan de protestantske gemeente. It is de bedoeling dat der in multyfunksjoneel sintrum yn de State komt. In protte aktiviteiten barre no noch yn Kiehool, dat tsjinoer Glinstra State leit. Der moat noch wol it ien en oar oan it monumintale gebou gebeure foar't alle aktiviteiten oerhevele wurde kinne. Sa moat it gebou útwreide wurde.
Wethâlder Geerling Schippers is tige wiis mei de oankeap fan Glinstra State: "(It is) in oanwinst foar it doarp Burgum. Troch Glinstra State te ûntwikkeljen ta in MFC kinne wy in mienskipsfunksje foar de takomst behâlde, ek op de lange termyn."