Agraryske dagen Frjentsjer oant en mei snein

Fjoerwurk, nachtkeatsen en fansels de sjippekistrace: woansdeitejûn begjint de 63e edysje fan de Agraryske dagen yn Frjentsjer. Fan woansdei oant en mei snein binne der yn de stêd is soad aktiviteiten.
Troch de waarmte wurde der wol maatregels naam. Sa binne der op ekstra plakken yn de stêd wetterpunten dêr't minsken wetter krije kinne. It tema is dit jier 'AD Oogst'. It feest waard yn 1953 opsetten om de jierlikse feekeuring wat fleurichheid te jaan.
It festival hat syn argraryske tinten wol behâlden: sneon is it treffen tusken belangstellende agrariërs.