Kommissaris Leemhuis: it is in kadootsje

Waarnimmmend kommissaris fan de Kening, Joan Leemhuis-Stout, is woansdei yn de kunde kommen mei Provinsjale Steaten. Se fynt it in kadootsje dat se op har leeftiid, fan 70 jier noch sa'n amt dwaan mei. Se folget tydlik John Jorritsma op, dy't boargemaster fan Eindhoven wurden is.
Frou Leemhuis kin Frysk ferstean en it in bytsje prate. As bern hat se yn Snits wenne en al jierren hat se in fakânsjewenning yn Heech dêr't se as waarnimmer wenje sil.
Bestjoerder
Se fynt Fryslân de moaiste provinsje, nei Súd-Hollân dêr't de VVD-er earder kommissaris fan de Keninginne wie. Dêr stapte se yn 1999 sels op fanwege de Ceteco-affêre. Súd-Hollân bankierde yn it geheim wylst de provinsje dat melde moatten hie.
Earder wie se ek dykgraaf en waarnimmend boargemaster yn Leidschendam-Voorburg. Se hat tal fan bestjoersfunksjes dien lykas foarsitter fan it Nationaal Comité 4 en 5 mei.
Se is berne yn Hoogezand en studearre lânboukunde. Yn 2003 waard se riddere ta Offisier in de Oarder fan Oranje Nassau. Leemhuis is troud en hat in soan.