Liesette Bruinsma mei 3 medaljes suksesfolste Paralympiër

Swimster Liesette Bruinsma stiet it heechst yn de Fryske medaljespegel © ANP
Liesette Bruinsma is de suksesfolste sportster op de Paralympyske Spelen yn Rio oant no ta. De jonge swimster út Wommels hat al trije medaljes wûn: goud op de 400 meter frije slach, sulver op de 100 meter skoalslach en brûns op de 50 meter frije slach.
Har programma is lykwols noch net klear. Se komt tongersdei yn aksje op de 100 meter frije slach en freed swimt se de 200 meter wikselslach.
UPDATE: Nei it twadde goud foar Alyda Norbruis hat dizze hurdfytster ek trije medaljes.
Ek oare Fryske sporters komme noch yn aksje op de Spelen. Hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp wûn al twa medaljes, goud en brûns. Se rydt woansdei en freed noch in wedstriid. Hurdfytser Tristan Bangma út Donkerbroek hat ek al in gouden medalje binnen en komt woansdei en sneon noch yn aksje.
Hynstesport
Amazône Rixt van der Horst fan Grou komt tongersdei út op it ûnderdiel yndividuele proef. Mei it Nederlânske team stiet se nei de earste dei tredde yn de lannewedstriid dressuer. De yndividuele skoare telt ek mei foar de lannewedstriid.
It CP-fuotbalteam mei dêryn de Friezen Teddy Witjes en Stefan Boersma, spilet woansdei de heale finale. Mocht it team winne, dan spylje se freed de finale.
De Paralympyske Spelen wurde 18 septimber ôfsletten.
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.