Omrin moat no echt betelje foar REC-steuring

De provinsje leit 45.000 euro boete op oan ôffalferwurker Omrin en dy moat no ek echt betelle wurde. Dit wykein wie der wer in steuring yn de ôffalsintrale yn Harns. Deputearre Schrier fan de provinsje is lilk omdat Omrin him wér net oan de ôfspraken hâlden hat.
Sa is de steuring wer te let melden, is der tefolle koalmonokside útstjitten en is de sintrale ek net binnen de ôfsprutsen tiid bûten wurking steld. Yn oktober ferline jier hat de provinsje in boete ûnder betingst oplein oan de ôffalferwurker, dêrfan moat no in part betelle wurde.
"Ik hoop dat deze prikkel groot genoeg is om de volgende keer even eerder te bellen met het milieu-alarmnummer", sa seit deputearre Michiel Schrier. De REC slute, sa as de steatefraksje fan GrienLinks wol, dêr is noch gjin sprake fan neffens Schrier. "Ze hebben gewoon een vergunning en daar moeten ze zich aan houden. Als ze daar van afwijken, door bijvoorbeeld te laat te melden, dan hebben wij daar eerder al een last onder dwangsom voor opgelegd en daar volgt nu een boete uit."