Piet Paulusma: "Alle waarmterekôrs wurde brutsen"

Waarman Piet Paulusma seit dat dizze wike alle waarmterekôrs brutsen wurde. It hat yn septimber oerdeis noch nea sa waarm west, mar ek nachts en oer de hiele dei wurde rekôrs fêstige. It is tiisdeitejûn om 20.00 oere noch wol 25 graden en ek nachts wurdt it net kâlder as 19 graden. Woansdei is it ek noch tropysk mei temperatueren fan hast 30 graden, tongersdei wurdt it ek noch sa'n 28 graden, mar dêrnei kuollet it ôf.
De boeren yn Fryslân binne bliid mei it moaie waar, foar Bauke Sijtsma fan Frjentsjer mei it wol oant Sinteklaas sa bliuwe.