Olivier van de Voort yn finale 100 meter frije slach

© ANP
Swimmer Olivier van de Voort fan Elslo hat him tiisdeitemiddei pleatst foar de finale fan de 100 meter frije slach yn de S10 klasse by de Paralympics yn Rio.
De 18-jierrige Van de Voort swom yn syn searje de tredde tiid en pleatste him dêrmei as sânde foar de finale. Dy finale wurdt tiisdeitejûn om ûngefear 23.00 oere oere swommen.
Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.