Skylge krijt jild foar de oanlis fan in natuergolfbaan

© Omrop Fryslân
De provinsje hat fiif projekten yn it Waadgebiet mei elkoar in dikke 130.000 euro subsydzje jûn. It jild komt út it Toeristisch Programma Friese Wadden. It measte jild giet nei Skylge en Harns.
De stichting Golfbaan Terschelling krijt 50.000 euro om in natuergolfbaan oan te lizzen. Mei it jild kin in plan makke wurde. En de gemeente Harns krijt 50.000 euro foar de restauraasje fan it Entrepotgebou oan de Willemskade.
Der giet 12.500 euro nei de Stichting Musea Noordoost Fryslân en It Fryske Gea om te ûndersykjen oft it helber is om fan it garnalefabrykje in echt moetingsplak te meitsjen. Doarpsbelang Blije krijt 9000 euro om de ideeën út de doarpsfizy fierder út te wurkjen. As lêste giet der 10.000 euro nei de folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Dat jild is bestemd foar in oantal oanpassings oan de tagonklikheid fan it terrein en de gebouwen.