Tsjinstanners gaswinning Nij Beets driigje mei rjochter

De tsjinstanners fan gaswinning yn Nij Beets stappe nei de rjochter as it kolleezje fan Opsterlân tiisdei beslút om tastimming te jaan foar in proefboarring. Moandeitejûn kearde de gemeenteried him yn grutte mearderheid tsjin de plannen fan gaswinningsbedriuw Vermilion, mar it kolleezje hat noch gjin beslút naam. Dat dogge se pas op tiisdeitemoarn.
It kolleezje kin selsstannich beslute om dochs in proefboarring ta te stean, mar ferskate partijen hawwe al oanjûn dat se dan in polityk probleem hawwe.
Neffens wethâlder Van Dijk is it lykwols de fraach oft in 'nee' juridysk ek helber is. Dan soe nammentlik Vermilion nei de rjochter stappe kinne om gaswinning ôf te twingen.
It kolleezje makket it beslút tiisdei om twa oere bekend yn in parsekonferinsje.