Jong SC Cambuur mei 4-1 it skip yn tsjin Jong ADO Den Haag

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Jong SC Cambuur hat moandeitejûn mei 4-1 ferlern fan Jong ADO Den Haag. De thúsploech rûn fan it begjin ôf efter de feiten oan. Cambuur krige yn de 20e minút in strafskop tsjin, dy't El Mahdioui deryn skeat. Tsien minuten letter stie ek de 2-0 fan Van der Heijden op it boerd. Foar it skoft waard it sels noch 3-0 troch in twadde treffer fan Van der Heijden.
Nei it skoft boude ADO de foarsprong fierder út nei 4-0 troch opnij in goal fan Van der Heijden. Cambuur die yn de slotfaze noch wat werom, mar fierder as 4-1 liet ADO it net komme.