UPDATE: Drinkeling (74) ferstoarn by Earnewâld

© De Vries Media
De drinkeling dy't de helptsjinsten moandeitemiddei by Earnewâld út it wetter helle hawwe, is ferstoarn. It giet om in 74-jierrige man út Frjentsjer. De man wie syn boat oan it skjinmeitsjen, mar bedarre yn it wetter. Boatsjefarders dy't foarbykamen, hawwe it slachtoffer derút helle en nei de wâl brocht.
Der is noch besocht de man te reanimearjen, mar dat mocht net mear bate.