"Archeologysk ûndersyk smyt gjin fertraging op by De Pein"

Neier archeologysk ûndersyk by de Peinder Mieden hoecht gjin fertraging te betsjutten fan it bouplan by De Pein. Dat ferwachtet de keapersferiening fan dit bysûndere bouplan. Yn de Peinder Mieden komme 45 kavels beskikber om te bebouwen yn direkte relaasje mei de natuerwaarden fan dit Fryske kûlizelânskip. De keapersferfiening wol graach dat it bestimmingsplan wêryn't it bouplan opnaam is, der sa gau mooglik komt, sadat se los kinne. No wachtet de ien op de oar en komme bygelyks finansieringsplannen net fan de grûn.
Tiisdei sil de feriening dêrom ynsprekke by de gemeente Smellingerlân om de druk op te fieren. Mei de bou fan de earste huzen soe dan yn simmer fan 2017 begûn wurde kinne.