Betize minsken driigje tusken wâl en skip te fallen

In man dy't driget fan de brêge ôf te springen, in frou yn in psygoaze dy't thús net mear te hâlden is. De plysje hâldt op 1 jannewaris 2017 op mei it opfangen fan soksoarte betize minsken dy't neat strafbers dien hawwe. Mar it is ûndúdlik wa't de taak fan de plysje oernimt. De minister wiist nei de gemeenten yn gearwurking mei GGZ, ambulânse en plysje. Mar dy binne der net klear foar seit Ferd Crone, boargemaster fan Ljouwert en foarsitter fan feilichheidsregio Noard-Nederlân
"We hebben niet zo maar 24 uur per dag 7 dagen per week,..., er moet nog heel wat gebeuren voordat we het geregeld hebben." sa seit Crone, hy is dan ek net wiis mei de deadline dy't de plysje jout: "Ik vind het niet juist dat de politie het zo hard wil spelen."
Sûnt de besunigings op de GGZ rint it tal ynsidinten mei betize minsken hurd omheech. Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan It Hearrenfean makket him al langer soargen oer dit probleem. Hy sjocht it tal betize minsken wêrfoar't de plysje útrukke moat alle jierren tanimmen. "In 2011 waren het er nog 250. Dit jaar zijn er al 400 verwarde mensen opgepakt door de politie in de gemeente." Der is in protte begryp dat de plysje dizze minsken net langer oppakt en yn de sel sette wol. "We zijn het er allemaal over eens dat deze mensen psychische hulp nodig hebben en niet in de cel moeten zitten", seit Van der Zwan.
Boargemaster Van der Zwan fan it Hearrenfean giet der fanút dat it allegearre goed komt. Omdat der neffens him yn Fryslân in soart fan oergongsperioade komt sadat minsken net tusken wâl en skip falle. En plannen foar hoe't it aanst komme moat binne der al wol. Sa wurdt der bygelyks praat oer in time out foarsjenning. In plak dêr't minksen dy't yn in krisissituaasje sitte efkes bykomme kinne.