Reahúster bern mei de boat nei skoalle

Learlingen fan de Sint Bonifaciusskoalle yn Reahûs wurde dizze dagen mei de boat nei skoalle brocht. De brêge oer de Frjentsjerter Feart wurdt opknapt en dat betsjut dat bern út Hidaard, Turns en Hartwert yn alle gefallen trije wike lang der net oerhinne kinne. Auto's en fytsers moat oant ein oktober in hiel stik omride: goed 10 kilometer. Foar de basisskoallebern dy't oars nei skoalle fytse, is no in bysûndere oplossing betocht oant it momint dat de brêge wer tagonklik is.
Anne Engelsma fan kemping De Finne yn Reahûs set de bern fan moandei oant en mei freed oer mei in boatsje. Mei-inoar giet it om 18 bern. Dy wurde yn twa groepkes oerfearn.