Man rydt mei 152 kilometer yn 'e oere oer de Wâldwei
In 26-jierrige automobilist fan It Hearrenfean is snein syn rydbewiis kwytrekke. De man ried mei 152 kilometer yn 'e oere oer de Wâldwei, dêr't 100 kilometer yn 'e oere it maksimum is. De plysje kontrolearre by Garyp. Sân oare bestjoerders krigen in boete om't se mear as 30 kilometer te hurd riden.