Man mei trochladen fjoerwapen pakt by doarpsfeest Terwispel

11 sep 2016 - 09:20

In 23-jierrige ynwenner fan Terwispel en in 24-jierrige Gordykster binne sneontenacht oanholden op it doarpsfeest fan Terwispel. Se bedrigen oare besikers fan it feest. De 24-jierrige fertochte die dat mei in trochladen fjoerwapen. De 23-jierrige man hie in skroevedraaier by him. De manlju waarden troch de befeiliging fan it evenemint en inkelde omstanners oermastere. De plysje moast mei meardere ienheden nei it doarpsfeest útride en hat de fertochten oanholden.

It fjoerwapen en de skroevedraaier binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Terwispel fjoerwapen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)