Bart Helmholt nimt ôfskied sûnder winst nasjonale kompetysje

10 sep 2016 - 17:57

Fierljepper Bart Helmholt is der sneon net yn slagge om by syn lêste wedstriid op syn thúsbarte yn Burgum de nasjonale kompetysje te winnen. Helmholt kaam net fierder as 19.28 meter en einige dêrmei as tredde yn it einklassemint. Winner waard Jaco de Groot mei 21.27 meter, dy't dêrmei ek de deititel yn Burgum pakte.

By de froulju gong de deititel nei Dymphie van Rooijen mei 15.19 meter. De nasjonale kompetysjewinst gong nei Wendy Helmes, dy't yn Burgum net yn aksje kaam.

By de junioaren gong de deititel en klassemintsoerwinning ferrassend nei Bobby Zwaagman mei 18.85 meter. Dêrmei wist er Ricardo Faaij foar te bliuwen. Freark Kramer einige as tredde.

By de jonges wie de einoerwining yn it klassemint foar Reinier Overbeek, dy't mei 17.57 meter ek de fierste ôfstân yn Burgum op it boerd sette. Syn suske Fabiënne Overbeek wûn by de famkes mei 15.15 meter en pakte ek de winst yn it klassemint.

Trefwurden: 
Bart Helmholt fierljeppen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)