Jonge stelt telefoan by it sykjen nei Pokémon

Pokémon Go-app © ANP
De plysje fan Ljouwert moast freed yn aksje komme foar stellerij fan in telefoan by it Griene Stjergebiet. De plysjes krigen in melding fan in 11-jierrige jonge út de stêd dy't mei in tal oare jongeren Pokémon oan it sykjen wie by de Lieuwenburg. In oare jonge soe him by it groepke oansletten ha en de oaren oerhelle ha nei it Griene Stjergebiet te gean.
Doe't se dêr oankamen, pakte de jonge de telefoan fan de 11-jierrige Ljouwerter ôf en fytste er fuort. Nei ûndersyk kaam de plysje efter de stellerij. Der sil dizze wike mei de jonges en har âlden praat wurde.