UPDATE: Swimaksje De Lemmer smyt sa'n 65.500 euro op

De swimaksje A Local Swim op De Lemmer hat yn totaal sa'n 65.500 euro opsmiten. Mear as hûndert minsken diene sneon mei oan it evenemint. Se swommen om jild op te heljen foar ûndersyk nei de behanneling fan de spiersykte ALS.
Dit jier waard de earste edysje fan it evenemint hâlden. Foar de feiligens fan de swimmers wie de rêdingsbrigade fan De Lemmer oanwêzich.