Kollum: ''It Dokkumer lokaaltsje''

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
''Yn de ôfskiedsseremoanjes fan John Jorritsma kaam sa no en dan de namme fan de ferstoarne deputearre Anita Andriesen nei foaren. Har ferstjerren hat Jorritsma en ús ek ôfgryslik sear dien. Anita Andriesen is ferstoarn op 3 desimber 2008. Noch gjin acht jier lyn. En dochs bin we har al hast wer fergetten. Yn PvdA kringen wie se populêr. Se hat der  foar soarge dat dy partij hjir langer stân hâlde as yn oare streken. No ha guon fan dy nei efteren skode Fryske PvdA-ers sein, dat der wer libben komme moat yn de Anita Andriesen priis. Dy’t yndertiid troch de provinsje as earbetoan oan de mem fan Fryslân ynsteld is.
De Anita Adriesen priis is in oeuvrepriis foar romtlike kwaliteit. Dat je je hiele wurk inte ha op it ferbetterjen fan hoe’t je mei de romte omgeane en wat je wol en wat je net delsette, mei as betingst it yn stân hâlden fan de wearde fan it Fryske lânskip. No is soks in breed begryp fansels. Doe’t de priis foar it earst útrikt waard yn 2010 wie dat ek wol dúdlik. De gemeente Ferwerteradiel krige him foar al it wurk wat se jierren dien hienen om guon doarpen te ferbetterjen. Hjir in hoekje sus, dêr in hoekje sa. Moai wurk, mar it hat net holpen, Hallum hie al wer in needkreet oer de krimp.
Elke twa jier soe de priis útjûn wurde, mar it duorre oant 2013 foardat se der wer oan ta kamen. Doe gie de priis nei de Stifting Doarp en Bedriuw, dy’t him krige foar harren kultuerhistoarysk projekt: de van Aerdenplaats yn Anita har eigen Ouwesyl. Herstrukturearing en transformaasje wiene de biedwurden wêrûnder dizze oeuvrepriis foel.
Dêrnei bleau it stil. It is no al wer mear as trije jier lyn en der bin noch net iens kritearia steld weroan de priis dizze kear foldwaan moatte soe. Der sit gjin beweging yn, je krij der lânskipspine fan. De PvdA hat hjir no in punt fan makke. It moat no ek hurd, oars soe de priis oan krêft ferlieze. Dus ik moat mar efkes stypje. De priis is foar foarbyld, ambysje, nij, stimulâns. Dat soarte wurden. Dêr foldocht in stichting oan.
De stichting Noard Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij, koartsein it Dokkumer Lokaaltsje. Dy wolle dy âlde tram/treinrûte wer nij libben ynblaze. Stasjons wer optuge. Mei fytsweintsje oer it spoar. Toeristysk fytspaad. Firtuele stoomtreinen. Gean  mar troch. Fan Jelsum nei Ternaard, dan nei Dokkum en dan wer troch nei Esonstad. It docht wat oan as rekreaasje, mar it soe de hiele noardwesthoeke fan Fryslân in daverjende ympuls jaan kinne, want foar it oare falt dêr net sa hiel folle te belibjen.
Der is lykwols in hobbeltsje. De Stifting NFLS hat spul mei de gemeente Ljouwerteradiel. Der bin al saken foar de rjochtbank en de Ried fan Steat oan ’e gong. It sit tige yngewikkeld yn elkoar, mar rûchwei kin je sizze dat de stichting NFLS moai op wei wie mei it âlde kolleezje en dat no’t der wer oare wethâlders sitte, de bongel der yn smiten is. Dan spylje neffens de NFLS-minsken de fleksibiliteit fan in boargemaster en de grutte hân fan de takomstige eigener fan Ljouwerteradielster romte, te witten Ljouwert, ek in rol yn it gehiel.
Anita Andriessen soe der wol om gnize kinne. En ek gol akkoart gien wêze mei de beneaming fan NFLS as priiswinner. Dat je in priis krije foar wurk wat hieltyd troch regelemintejonges en formalisten oan de kant skood wurdt, en noch midden yn it gebongel sit. Dus eins kin it noch gjin oeuvrepriis wêze, mar dat makket neat. Da’s noch better as Anita en de priis deaswije.
It soe goed wêze dat de oerheid ris in kear dúdlik en konkreet is oer it gefoel foar romte en wat je dêr wol of net mei dwaan kinne. Nee is nee. Ja is ja. Net altyd alles heal. En sa’n stichting mar oan ’e gong litte en tinke dat wurdt lekker dochs neat. Of sa’n stichting dat gefoel jaan. Anita Andriesen soe wol sizze: witte jim noch wel dat je eartiids in dat treintsje in lietsje songen. Wat wie it dêr smûk as ik siet yn de hoek fan it Dokkumer lokaaltsje.''