SC Hearrenfeanfroulju ferlieze yn Den Haag
De froulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn mei 2-1 ferlern yn Den Haag fan ADO Den Haag. Yn de 38ste minút skoarde Jassina Blom foar de Feanster froulju. Yn de 49ste minút skoarde de thúsploech mei in doelpunt fan Nance van der Meer en yn de 70ste minút sette Victoria Pelova de einstân op it skoareboerd.