Behâld fan monuminten yn De Fryske Marren

In grut tal monuminten yn de gemeente De Fryske Marren is fan eigener feroare. Se geane oer nei de stichting tot Behoud van Rijksmonumenten yn De Fryske Marren. Ek oarsom binne monuminten ruile.
De oerdracht is bedoeld foar it behâld fan it kultureel erfgoed foar de kommende generaasjes. De gemeente hat fan no ôf alle monuminten yn besit dy't in publike funksje ha, lykas de riedshuzen en alle dyk- en wetterboukundige wurken. De stichting is eigener fan tsjerketuorren, klokkestuollen en wynmûnen.
Nei dizze oerdracht hat de stichting 26 monuminten yn besit en de gemeente 14.