Laurentien ropt op om 'laaggeletterdheid' oan te pakken

It wurdt tiid foar in breed Frysk oanfalsplan tsjin minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne. Prinsesse Laurentien sei dat freed yn Ljouwert by de iepening fan de fernijbou fan de Fryske Akademy.
Se wiisde der yn har taspraak op dat ien op de sân Friezen (13,4%) ûnfoldwaande Nederlânsk lêze en skriuwe kin om folweardich meidwaan te kinnen oan de maatskippij. Fryslân is dêrmei de provinsje mei it heechste persintaazje 'laaggeletterden'.
Fryslân soe as 'talige' provinsje én as Kulturele Haadstêd fan 2018 stribje moatte nei in plakje yn de top 5 fan provinsjes mei it leechste persintaazje laaggeletterden, fynt de prinsesse. "Laat ons samenwerken op weg naar het ideale plaatje en laaggeletterdheid uitbannen."
Meartalichheid
Se wie fierder posityf oer it Frysk en de meartalichheid. Undersyk hat oantoand dat meartalige bern har faak better konsintrearje kinne en boppedat wurde meartaligen letter demint as ientaligen. "Het is goed voor fitte hersenen, ik hoor de hersenen hier ook kraken, geloof ik", sei se. Laurentien sleat har taspraak ôf yn it Frysk mei de folgjende wurden:
"Grutske Friezen mei in warber brein, grutsk op Fryslân yn de Nederlânske maatskippij, ik leau dat it kin en help dêr graach oan mei."
Iepening
Laurentien iepene de fernijde Fryske Akademy troch de nije haadyngong oan de Doelestrjitte mei in druk op de knop 'doar iepen' te iepenjen. Krekt dêrfoar hie Akademy-direkteur Hanno Brand de âlde haadyngong definityf op slot draaid.
De Fryske Akademy is foar sân miljoen euro ferboud. It âldste part fan de Fryske Akademy fan boumaster Coulon, it Coulonhûs, is restaureard. Minder weardefolle dielen fan de Akademy binne sloopt en ferfongen troch nijbou. De fernijde Akademy is in stik iepener en transparanter wurden as de âlde. Foar de 70 meiwurkers fan de Akademy komt mei de iepening in ein oan in tiid fan ynterne ferhuzingen en leven troch de ferbouwing.
Sneon op de Iepen Monumintedei kin elkenien de Fryske Akademy besjen. De stipers fan de Fryske Akademy binne freedtemiddei al wolkom.