Fakânsjes wer oer, Arriva set langere treinen yn

09 sep 2016 - 13:46

Arriva set fan no moandei ôf langere sneltreinen yn tusken Ljouwert en Grins. Der binne mear sitplakken nedich omdat de fakânsjes wer oer binne en der mei it begjin fan it nije skoaljier mear passazjiers binne. Per trein binne der 59 ekstra sitplakken.

De earste wiken krije de reizgers help fan stewards. Dy wize har op de noch beskikbere sit- en steanplakken yn de trein. Dit moat derfoar soargje dat it ynstappen flugger ferrint.

Trefwurden: 
Arriva trein Ljouwert Grins
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)