Stroomsteuring by stasjonsgebiet: opûnthâld foar ferkear

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Yn it stasjonsgebiet fan Ljouwert is op it stuit in stroomsteuring. Dat meldt netbehearder Liander. De oarsaak is nei alle gedachten in stikkene kabel ûnder de rydbaan by it Juridysk Loket. Om dy reparearje te kinnen moat de dyk iepen brutsen wurde. Dat fynt freedtemiddei fan ien oere ôf plak. It ferkear sil gefolgen ûnderfine fan de reparaasje.
De bussen ride oant ein freedtemiddei fia de Lange Marktstrjite nei it busstasjon en it autoferkear fan it westen út oer de Sudersingel giet dan oer de oare rydbaan. Der wurde ferkearsregelers ynset. Ferkear moat rekken hâlde mei opûnthâld. It Juridysk Loket hat troch de steuring op it stuit gjin stroom. De oarsaak fan de stikkene stroomkabel is noch ûndúdlik.