Ljouwerter krijt taakstraf foar searje ynbraken

© Omrop Fryslân
In man út Ljouwert hat in taakstraf fan 240 oeren krigen foar in searje ynbraken yn auto's en yn in kroech yn Grins. De man wie ferslave oan drugs en wie fan Ljouwert nei Grins gien om te ûntkommen oan syn dealers. Yn Grins gie it mis en bruts er yn yn in pear auto's en in wynbar. De bút ferkocht er en foar it jild kocht er drugs. De man moat fan de rjochter sa gau mooglik nei in ôfkickklinyk.