Woudagemaal krijt sertifikaat fan Tripadvisor

ir. D.F. Woudagemaal op De Lemmer © ANP
It Woudagemaal op De Lemmer hat it 'Certificaat van uitmuntendheid' krigen fan Tripadvisor. Dat is in ynternasjonale webside wêrop't toeristen tips jaan kinne oer fakânsjebestimmingen en nijsgjirrige attraksjes.
De webside jout it sertifikaat oan stêden of attraksjes dy't "consistent geweldige" resinsjes krije. Toeristen binne entûsjast oer it Woudagemaal. Se komme mei reaksjes as: "Dit moast echt sjoen ha", "absolute oanrieder" en "bot de muoite wurdich".
Op Tripadvisor stean hast sântich resinsjes oer it Woudagemaal.