Bommen yn fleantúchwrak Iselmar kinne net mear ûntploffe

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De bommen yn it fleantúchwrak op de boaiem fan de Iselmar binne feilich demontearre. De Eksplosiven Oprommingstsjinst hat de ûntstekkers der tongersdei út helle. Dêrtroch is it gefaar fuort en kinne de bommen net mear ûntploffe. Se bliuwe earst noch even wêr't se binne. Oankommende wike wurde se nei it militêr oefenterrein yn Assen brocht, dêr't se ta ûntploffing brocht wurde.
De bommen sieten yn it wrak fan in Poalske bommewerper dy't yn de oarloch delhelle waard troch de Dútsers. No't der gjin gefaar mear is, wurdt de omjouwing rûnom it fleantúchwrak neisjoen op mooglik noch mear stoflike omskotten.