Blokhúspoarte krijt spesjale biomassabunker
Yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert wurdt nije wike begûn mei de bou fan in biomassabunker. Dêryn wurdt it snoei-ôffal fan de gemeente opslein, wêrmei't it gebou tenei ferwaarme wurdt.
It grien giet yn in grutte palletkachel. De gemeente leveret 75 persint fan syn snoei-ôffal om de Blokhuispoort te ferwaarmjen.