UPDATE: fertraging tusken Ljouwert en Grins foarby

© Omrop Fryslân
Reizgers op it spoar tusken Ljouwert en Grins moasten tongersdeitemiddei rekken hâlde mei fertraging. Tusken Ljouwert en Hurdegaryp riden gjin treinen fanwege in defekte spoarbrêge. De ekstra reistiid wie mear as in oere. Arriva hie bussen ynset om de reizgers dochs op harren bestimming te krijen.
De steuring wie om ien oere hinne wer ferholpen.