Siete Meeter nimt ôfskied as skipper Ljouwerter skûtsje

Siete Ezn. Meeter © Martin de Jong
Siete Meeter hâldt op as skipper fan it Ljouwerter skûtsje. Meeter kin it skipperjen net mear kombinearje mei syn wurk en privee. It fuortgean fan Meeter komt as in ferrassing foar de bemanning en it bestjoer fan it Ljouwerter skûtsje. Wa't him as skipper opfolgje sil, is noch net bekend.
Begjin foarich jier is it Ljouwerter skûtsje noch foar oardel ton ferboud. De Ljouwerters hiene hope dat se sa in hegere posysje yn it klassemint helje soenen. Dat is net slagge. Foarich jier waarden se tsiende. Dit jier tolfde.
Skippersgeslacht
Meeter hat fjouwer jier lang skipper op it Ljouwerter skûtsje west. Hy komt út it skippersgeslacht fan de Meeters. Syn heit Eldert wie lang skipper op it skûtsje fan Boalsert, en syn broer Pieter is op dit stuit skipper fan datselde skûtsje, dat no foar Akkrum fart. Syn pake Siete wie yn 1964 de earste skipper fan it Ljouwerter skûtsje.