Koaleskip leit by Skiermûntseach fanwege aksje Greenpeace

08 sep 2016 - 10:46

In skip mei koalen dat ûnderweis wie nei de Eemshaven yn Grins, is tichteby Skiermûntseach lizzen gien fanwege in aksje fan Greenpeace. Trije aktivisten fan de organisaasje hingje yn de Eemshaven oan kabels tusken twa wynmûnen yn. Se blokkearje sa de koalesintrale dêr om foar te kommen dat it skip syn lading dêr hinne bringe kin.

Greenpeace wol dat de koalesintrale sa gau mooglik sletten wurdt. It koaleskip wie op de hichte brocht fan de aksje. De demonstranten binne de twa nije direkteuren fan Greenpeace en in frijwilliger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)