Provinsjale partijen wolle museum Belvédère wol stypje

It liket der op dat museum Belvédère stipe krijt fanút de provinsje. Ferline wike skreau Belvédère in brânbrief. Se wolle subsydzje hawwe, oars bestiet it museum oer twa jier net mear. Provinsjale Steaten prate hjoed oer de beliedsbrief kultuer, dêr't de subsydzjes yn regele wurde.
It CDA en VVD kundigen dêr oan mei in moasje te kommen om Belvédère finansjeel te stypjen. Se wolle 50.000 euro frijmeitsje. De PvdA wol Belvédère sadanich stypje dat it iepen bliuwe kin. Oft 50.000 euro dan genôch is, betwivelet de partij.
Kultuerried
Yn breder ferbân pleitet de VVD foar in kultuerried dy't de provinsje advys jaan kin oer de subsydzjes. Sa'n ried bestiet ek al yn bygelyks Grinslân en Drinte. Sy fynt it heech tiid dat der sa'n ried komt, om DS en PS te foarsjen fan goeie, ûnôfhinklike advizen. Sy fynt it net goed om steateleden sels beslute te litten om it iene festival wol, en it oare gjin subsydzje te jaan.
Der wurdt no tefolle besletten op basis fan emoasjes en te min op basis fan belied en kritearia, sa fynt de VVD.
D66 wol noch fierder gean. Margreet Mulder wol in noch op te rjochtsjen 'Kunstraad' sels it foech jaan om in part fan it beskikbere subsydzjejild te ferdielen. Dat plan giet de VVD wer te fier. Sy fine dat it foech om it jild te ferdielen altiten by Provinsjale Steaten heart te lizzen.