KNMI warskôget foar mistbanken en jout koade giel
It KNMI jout woansdeitemoarn koade giel foar Fryslân. Der is kâns op mist. Op guon plakken is it sicht dêrtroch minder as 200 meter. Dit kin gefaarlike sitewaasjes opsmite.
It advys fan it KNMI is dan ek om de snelheid oan te passen en genôch ôfstân te hâlden. It KNMI ferwachtet dat de mist om 9 oere hinne wer oplost is.